FIDEO: Amerikaanske strieljagers oankaam yn Ljouwert
De earste Amerikaanske F-15's binne moandei oankaam op de fleanbasis yn Ljouwert. De Amerikanen binne hjir yn it ramt fan in grutte fleanoefening Frisian Flag. Dy begjint takom wike moandei en duorret oant en mei 22 april. It is foar it earst dit jier dat de spotters manmachtich op de fleanbasis ôfkomme.