Ponny út de Burgumer Mar rêden
De brânwacht moast moandeitemiddei by Sumar yn aksje komme foar in Shetlandponny. It bist wie by de Solcamastrjitte yn it wetter fan de Burgumer Mar rekke. De brânwacht hie ûnder oare in boat ynset om de ponny der wer út te heljen. Mei wat help koe de Shetlander sels op de kant komme.