Gemeenten binne data kwyt nei kompjûterfirus

Windows XP wurdt net langer stipe..... © ANP
In kompjûterfirus hat freed it netwurk fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen troffen. In diel fan de gegevens op de servers is dêrtroch ferlern gien. Meiwurkers fan de ICT-ôfdieling ha it hiele wykein dwaande west om it op te lossen. Troch in backup dy't tongersdei makke wie, koene de measte data weromhelle wurde.
It kompjûterfirus kaam freedtejûn binnen. De data op de servers waard dêrtroch ûntagonklik makke. In diel fan de deiproduksje fan freed moat wol as ferlern beskôge wurde.
Hjir sieten ek oanfragen foar útkearingen by. Hjir wiene lykwols ek papieren printen fan, dus dy binne hjoed weromset, fertelt Jaap Middel fan gemeente Achtkarspelen.