CDA siket 'reporters' om jongerein te berikken

It CDA wol ferslachjouwers ynsette om sa better oan te sluten by de jongere generaasje. De partij siket op it stuit nei 'Jongerenreporters' dy't mei har mobile telefoan de miening fan jongeren filmje. De ferslachjouwers krije hjir in lytse fergoeding foar.
It is de bedoeling dat der alle moannen ien projektfilmke komt, dêr't ferskate jongeren yn ynterviewd wurde oer allerhanne tema's. De filmkes moatte úteinlik nei de fraksjemeiwurkers fan it CDA Fryslân ferstjoerd wurde, en komme ek online. Hjir kin dan wer in online diskusje plakfine.