Plysje siket tsjûgen fan autokreaken yn Drachten
De plysje yn Drachten siket tsjûgen fan trije autokreaken yn de ôfrûne nacht, fan snein op moandei. Trije auto's dy't parkeard stiene op De Twee Gebroeders, Keatsfjild en De Dracht, binne iepenbrutsen. Neffens de plsyje is, foar safier't bekend is, gjin bút makke.