Harksitting oer flechtlinge-opfang Heliconstate

04 apr 2016 - 14:36

Hoteleigener Harry Westers fan it WTC-hotel en restaurant Elevé yn Ljouwert hawwe in harksitting oanspand tsjin de gemeente Ljouwert. De sitting tsjinnet moandeitejûn en giet oer de fraach oft de gemeente wol flechtlingen opfange mei yn Heliconstate. Dat sit flak njonken it WTC-hotel. "Wanneer zoiets als een vluchtelingenopvang vlak voor je sterrenrestaurant komt, dan word je daar niet blij van", lit Westers witte.

Beswierskrift

De harksitting is nei oanlieding fan it beswierskrift dat Westers yntsjinne hat oan it begjin fan it opfangtrajekt yn Heliconstate. Hy rjochtet him dêrby op it bestimmingsplan. Westers ferwachtet dêr lykwols net folle fan. Neffens boargemaster Ferd Crone binne tydlike opfangfoarsjenningen gewoan tastien.

Der binne oant no ta noch gjin klachten fan klanten fan it WTC-hotel, mar de ferwachting is dat dy der wol komme. No't it moai waar wurdt, binne de flechtlingen mear bûtendoar, lykas ôfrûne freed. Doe wie der in demonstraasje fan asylsikers, dy't min te sprekken binne oer it iten, en dat it lang duorret, foardat se dúdlikheid hawwe oer wêr't se hinne kinne. Dy fûn plak foar it WTC-hotel en Westers hat dat ûnderfûn as oerlêst.

Better iten

Boargemaster Crone hat moandei yn petear west mei de flechtlingen, it COA en de IND en sil moandeitejûn ek noch mei steatssekretaris Dijkhof prate, ûnder oare oer de lingte fan de proseduere. Hy seit begryp te hawwen foar de klachten: "Er wordt gewerkt aan beter eten."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)