Auto en gouden ringen stellen by ynbraak
By in ynbraak yn in wenning oan de Skoalleleane yn Beetstersweach binne sneintenacht in auto en fjouwer gouden ringen stellen. Om binnen te kommen waard in rút ynslein.
De auto dy't stellen is, is in griene Volvo S40 mei kenteken 50-SV-LZ. De plysje freget tsjûgen har te melden. Wa't de auto riden sjocht, kin 112 belje.