Jeugdsoas Boalsert wer iepen, mar mei strange regels

Foar de besikers fan it jongereinsintrum yn Boalsert jilde tenei strange regels. Dat bart nei misdragingen fan guon jongeren. Dy brochten JeugdwerkBolsward der ta om de jeugdsoas op 19 maart tydlik te sluten. Moandeitemiddei gean de doarren wer iepen.
De regels binne flink oanskerpe om nije oerlêst foar te kommen. It jongereinsintrum rjochtet him op bern fan 12 oant 18 jier. Oant no ta mochten sy de jeugdsoas yn, ek al hiene se alkohol of drugs hân, as se har mar goed hâlde en drage.
Wannear't konstatearre wurdt dat ien dronken hat, dan wurdt er nei hûs ta stjoerd mei in warskôging. By in nije oertrêding mei de jongere de soas earst net mear yn.