Toppenhuzen wol nulmjitting foarôfgeand oan gasboarringen

04 apr 2016 - 12:43

Doarpsbelang Toppenhuzen wol gaswinbedriuw Vermilion fia in moasje yn de Twadde Keamer twinge om in nulmjitting út te fieren, foar't it bedriuw nei gas begjint te boarjen yn de boaiem yn de buert fan it doarp.

Mei in nulmjitting wurdt de steat fan de huzen fêstlein. Mocht der troch de gaswinning skea ûntstean, dan tsjinnet de mjitting as bewiis. Vermilion wol oant no ta net tajaan oan de winsken út it doarp. Doarpsbelang is der bot teloarsteld oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)