Skilderje mei inket fan 95 miljoen jier âlde oktopus

Keunstneres Esther van Hulsen fan Ljouwert hat in tekening makke fan in 95 miljoen jier âlde oktopus mei de inket fan it bist sels. Esther wennet al jierren yn Noarwegen, dêr't se natuertekeningen makket foar ensyklopedyen en boeken.
It fossyl fan de oktopus waard troch wittenskipper Jørn Hurum fan it Natural History Museum yn Oslo ûnder hannen naam. De wittenskipper slagge der yn om wat fan de inket fan it bist te sammeljen. Hjir waard poeier fan makke en dêrmei koe Esther it keunstwurk skilderje.
Sa kaam 95 miljoen jier nei it ferstjerren fan it bist, syn inket dochs noch goed fan pas.
Esther van Hulsen is moandeitemiddei om 15.15 oere te hearren by Femke de Walle yn it radioprogramma De middei fan Fryslân.