FNP stimt tsjin permaninte grinskontrôles yn Europa

04 apr 2016 - 11:43

It FNP is tsjin permaninte grinskontrôles yn Europa. De fraksje hat op it EFA-kongres op Korsika ynstimd mei in moasje dat Europa gjin permaninte grinskontrôles by de binnengrinzen ynfiere moat. Neffens de fraksje is opûnthâld by de grinzen tige skealik foar de wurkgelegenheid en it toerisme yn Fryslân. Sa hat ús provinsje in soad eksportearjende bedriuwen dy't baat hawwe by iepen grinzen.

De EFA-leden trune oan op in mienskiplike Europeeske oplossing foar it flechtlingefraachstik en fine it net goed dat lannen op eigen manneboet saken besykje te regeljen. EFA stiet foar European Free Alliance en is in Europeeske partij mei goed 40 lidorganisaasjes út tsientallen lidsteaten yn Europa en tolve leden yn it Europeesk parlemint. De FNP is sûnt de oprjochting yn 1981 lid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)