Ljouwerter betellet boete en krijt auto werom fan plysje

04 apr 2016 - 10:36

In 39-jierrige Ljouwerter hat snein in boete fan goed 300 euro betelle om foar te kommen dat hy syn auto 28 dagen kwytreitsje soe. De auto fan de man wie efkes earder troch de plysje yn beslach naam om't de Ljouwerter de boete noch net betelle hie. De man kaam letter op 'e middei nei it buro om de boete te beteljen, sadat hy syn auto wer brûke koe.

Trefwurden: 
boete auto weromkrije
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)