Scooterrider ûnder ynfloed fan GHB oanhâlden yn Grou

Ghb © ANP XTRA
It rydbewiis fan in 43-jierrige scooterrider út Frjentsjer is sneintejûn yn beslach naam om't hy ûnder ynfloed fan GHB ried. De plysje krige in melding dat de man, in bekende fan de plysje, mei syn scooter oer de Stasjonswei yn Grou ried en sette him dêr oan de kant.
Mei help fan in GGD-dokter is in bloedproef by de man ôfnaam. Dêrút die bliken dat hy GHB brûkt hie.