Ljouwert krijt yn 2018 lanlike start befrijingsfestival

De lanlike start fan de befrijingsfestivals yn 2018 is yn Ljouwert, yn it jier dat de stêd ek Kulturele Haadstêd fan Europa is. Meastentiids betsjut sa'n lanlike start dat it regear in fertsjintwurdiger stjoerd. Boppedat sil de tawizing in soad ekstra publisiteit en middelen opleverje.
Stichting Befrijdingsfestival Fryslân hat sels om de lanlike start frege, mei help fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Neffens foarsitter Jorrit Volkers fan de stichting wurdt it festival yn 2018 grutter fan opset mei gruttere acts.
Ek sil it mear ynhâld en útstrieling nei de rest fan de provinsje ha. Hy ferwachtet dêrtroch ek mear publyk. Gewoanwei lûkt it festival sa'n 80.000 besikers, foar de lanlike start tinkt Volkers oan sa'n 130.000 besikers. It evenemint sil yn it hiele stedssintrum fan Ljouwert hâlden wurde.