Brân yn soarchsintrum Nij Dekama yn Weidum

Brân yn in scootmobyl yn soarchsintrum Nij Dekama © 112fryslân.nl
Yn soarchsintrum Nij Dekama yn Weidum is sneintemiddei in scootmobyl yn brân flein. De scootmobyl stie yn de fytsestalling fan it soarchsintrum.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der kaam in soad reek frij op de begeane grûn fan Nij Dekama. De brânwacht hat dêrom ekstra minsken oproppen om de keamers te fentilearjen.