Vermilion set gaswinning by Toppenhuzen troch

03 apr 2016 - 12:12

Vermilion set de gaswinning by Toppenhuzen troch. D oanpassing fan it bestimmingsplan is sûnt ferline wike yn te sjen. Vermilion wol gas winne út in gasfjild by Toppenhuzen. Ek wol it gaswinbedriuw transportliedings oanlizze rjochting Boazum en Rie.

Yn it doarp is in soad ferset tsjin de gaswinning. De twa ynformaasjegearkomsten oer de plannen ferrûnen rûzich ferline jier. Vermilion sei dat de grûn by Toppenhuzen net fierder sakje sil as twa sintimeter. Ek soe de kâns op ierdbevings lyts wêze. In tal oanwêzigen leaude dat net.

Stipe út Den Haach

De tsjinstanners yn Toppenhuzen krigen ferline jier ek stipe út Den Haach. Twadde Keamerleden Lutz Jacobi en Jacques Monasch fregen Kamp om ôf te sjen fan gaswinning yn Súdwest-Fryslân. Neffens Kamp is it lykwols syn ferantwurdlikheid om it gaswinningsplan te besjen, nettsjinsteande dat de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje Fryslân tsjin binne op eksploitaasje fan de gasfjilden. 

Gaswinning

Yn it fjild by Toppenhuzen wol Vermilion 500 miljoen kúb gas winne, oer in perioade fan 10 oant 15 jier. De gasput dêrfoar is al yn de jierren '70 oanlein. Der moat noch al in ynstallaasje boud wurde. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)