Nij appartemintekompleks De Marke yn Drachten

03 apr 2016 - 11:37

Drachten hat sûnt koart in appartemintekompleks wêryn âlden wenje kinne en tagelyk soarch oan hûs krije. Bysûnder oan it appartemintekompleks De Marke is dat it him benammen rjochtet op minsken mei in Yndyske of Molukske eftergrûn. Dy sykje elkoar graach op fanwegen harren dielde histoarje en de leafde foar it iten.

Inisjatyfnimmers binne wenningkorporaasje Accolade en soarchynstelling Residentie Buitenzorg. It kompleks hat 24 apparteminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)