Cambuur-doelman Zeinstra nei flater: "Enoarm kloategefoel"

Cambuur-doelman Harm Zeinstra hâldt in "enoarm kloategefoel" oer oan de wedstriid tsjin De Graafschap. De Ljouwerters stiene yn dizze wichtige wedstriid mei 2-1 foar en wiene de bettere ploech, doe't de doelman in grutte flater begie en it ynienen 2-2 stie. Dat soe ek de einstân wurde. Cambuur hie in winstpartij nedich om it lêste plak yn de kompetysje oan De Graafschap oer te dwaan. Troch it lykspul bliuwe de Ljouwerters ûnderoan stean op de ranglist.
Skrikke
Neffens Zeinstra skrok er fan in beweging fan Cambuur-ferdigener Lachman, wêrtroch't er de bal falle liet. Ted van de Pavert fan De Graafschap makke hjir tankber gebrûk fan en makke de gelykmakker. Zeinstra is lykwols fan miening dat de kompetysje noch net dien is. "Wy binne noch net klear. Der binne noch wedstriden wêryn't wy punten pakke kinne."
Boppelizzende partij
Trainer Marcel Keizer beseft ek dat de ploech in grutte kâns mist hat om fan it lêste plak op de ranglist ôf te kommen en streekrjochte degradaasje te foarkommen. Dochs hâldt er net allinnich in min gefoel oer oan dizze wedstriid. "Ik ben wel blij met wat we aan voetbal hebben laten zien. We waren de bovenliggende partij. Iedereen weet nu dat er nog wel degelijk rekening gehouden moet worden met Cambuur", sa seit Keizer.
De Cambuur-trainer hâldt noch hoop foar de kommende wedstriden. "Met het karakter in de ploeg zit het wel goed. Dat geeft een goed gevoel voor de komende tijd."