Oerfal op tankstasjon It Hearrenfean

02 apr 2016 - 21:03

Der hat sneontejûn in oerfal west op it Texaco tankstasjon op de Burgemeester Falkenawei op It Hearrenfean. De twa maskere oerfallers binne te foet útnaaid en letter mei in swarte auto fuortriden yn de rjochting fan Aldskoat. Se hawwe de meiwurkers fan it tankstasjon bedrige mei in fjoerwapen of in foarwerp dat dêr op liket.

Letter jûns hat de plysje de auto mei trije ynsittenden oantroffen op de A28 tusken Nunspeet en Harderwijk. It trio, in 51-jierrige man út Vlaardingen en twa manlju fan 22 en 40 jier sûnder fêst ferbliuwplak, is oanhâlden en ynsletten. Der wurdt ondersocht oft de fertochten belutsen wienen by de oerfal.

It is noch net dúdlik wat de oerfallers bút makke hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)