Fjochtpartij by azc Drachten

02 apr 2016 - 20:55

By it azc yn Drachten hat sneontejûn in fjochtpartij west tusken jonge asylsikers. De Drachtster plysje hat de jongelju útelkoar helle, dêrby binne twa persoanen oanhâlden. Ien fan harren sit fêst, de oare mocht wer nei hûs, nei't er in boete krigen hie.

Der rekke nimmen ferwûne by de fjochtpartij. De oarsaak fan de rûzje tusken de ferskate groepen is noch net bekend. De plysje docht ûndersyk nei de saak.

Trefwurden: 
fjochterij AZC Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)