Soer ferlies Drachtster Boys tsjin Urk

02 apr 2016 - 16:48

Drachtster Boys rûn sneon tsjin in soer 2-1 ferlies oan tsjin Urk. Op eigen fjild kaam de ploech fan trainer Marius Hendriks al nei 14 minuten op efterstân. Fuort nei rêst soarge ynfaller Kevin Bakels foar de fertsjinne Drachtster lykmakker. Yn de 78e minút namen de gasten út Urk op 'e nij de lieding op it Drachtster sportpark. De hikkesluter slagge der net mear yn om yn it lêste kertier de lykmakker op it boerd te setten.

Troch it ferlies bliuwe de Drachtsters stean op 6 punten út 21 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal Drachtster Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)