Sybrand Buma unanym foardroegen as listlûker CDA

02 apr 2016 - 15:37

It bestjoer fan it CDA hat sneon Sybrand van Haersma Buma unanym foardroegen as listlûker foar de Twadde Keamerferkiezingen yn maart kommend jier. De yn Warkum berne Buma is no fraksjefoarsitter fan de CDA-keamerfraksje.

Neffens partijfoarsitter Ruth Peetoom is Buma betrouber en in autentyk kristen-demokraat. Der is mei trije kandidaten praat, wêrfan't Buma oerbleaun is. Oant 14 april kinne oare minsken har noch kandidaat stelle. Mocht dat net barre, dan kin Buma op it kongres fan 4 juny definityf keazen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)