Nijeholtpea hâldt ynternasjonale metaaldetektorwedstriid

It is de grutste ynternasjonale metaaldetektorwedstriid oant no ta yn Nederlân. En it fynt plak yn Fryslân, yn Nijeholtpea. Mei gasten út Poalen, België, Frankryk, Turkije en de USA. Ut de lêste twa lannen binne der ek fabrikanten fan metaaldetektoaren. Sy sille demonstraasjes jaan. De hobby wurdt, ûnder jong en âld, hieltyd populêrder. Ek yn de greide by Nijeholtpea binne minsken oanwêzich fan 6 oant 80 jier. Yn Nederlân binne sa'n 30.000 minsken aktyf mei metaaldetektoaren.
De minsken sykje by de wedstriid yn ferskate greiden om sa'n tûzen yn 'e grûn stoppe gouden pinningen.