Gearkomste foar nije ynfolling fan mienskipssintrum De Colle

02 apr 2016 - 07:36

Achttjin ferienings dy't gebrûk meitsje fan mienskipssintrum De Colle yn Kollum kamen freedtejûn ôf op de ynformaasjegearkomste foar de nije ynfolling fan it sintrum. It eardere teater en mienskipssintrum moat in plakje krije yn de nijbou, dêr't ek de biblioteek en de skoallen Piter Jelles Impulse en it Lauwerskolleezje yn komme moatte.

Op de gearkomste kamen ferskate ideeën oan it ljocht, bygelyks in grutte bar, in poadium en mear klaaikeamers. De partijen koenen de winsken ynfolle op in briefke en op dy wize kinne de winsken meinaam wurde yn de bouplannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)