Crone: Unrêst yn needopfang Heliconstate spilet al langer

01 apr 2016 - 23:13

It is al langer ûnrêstich yn de flechtlinge-opfang yn Heliconstate yn Ljouwert. Woansdei krige boargemaster Ferd Crone dêr al de earste sinjalen oer. Dat seit de boargemaster yn reaksje op de demonstraasje fan flechtlingen freedtejûn, tsjin de omstannichheden yn de needopfang. De flechtlingen binne lilk omdat se fine dat it te lang duorret foardat se gehoar krije by de IND. Dy tsjinst makket út oft se yn Nederlân bliuwe meie of net.

Boargemaster Crone begrypt emoasjes

Boargemaster Crone begrypt dy emoasjes wol. Neffens him ha guon flechtlingen it idee dat oaren, dy't pas letter yn Nederlân kaam binne, al earder holpen wurde troch de IND. En guon kleie ek oer it iten. "Het is niet leuk om maandenlang alleen maar magnetronvoedsel te krijgen. Ze mogen zelf niets maken," seit Crone.

Petear mei flechtlingen

Kommende moandei sil de boargemaster yn petear mei in delegaasje fan de flechtlingen. Mar de gemeente kin net folle foar se dwaan, seit er. "De IND en het COA moeten snelle procedures doen, maar ik snap dat zij ook overbelast zijn."

It spilet yn mear plakken yn Nederlân, seit Crone. "Dat hoort er ook bij. Mensen zitten toch in een opvang waar weinig voorzieningen zijn. Je mag eigenlijk niks. Geld hebben ze ook niet. Dan moet af en toe de emotie er uit."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)