Fûle brân yn bisteferbliuw Snits
De brânwacht is freedtejûn útriden foar in brân yn in bisteferbliuw by soarchsintrum Philadelphia yn Snits. De brân wie gau ûnder kontrôle en de bewenners fan de soarchynstelling ha net yn gefaar west. Neffens de brânwacht sieten der gjin bisten yn it ferbliuw.
De skuorre is folslein ôfbaarnd. De oarsaak fan de brân is net bekend.