Noard-Nederlân hat primeur mei ambulânsebus

01 apr 2016 - 18:14

De earste ambulânsebus fan it lân stiet yn it Noarden, op it fleanfjild fan Eelde. It liket krekt in gewoane lijnbus, mar dan mei ambulânsekleuren, strepen en swaailjochten. Der steane seis brankaars yn en sa moat der yn gefal fan kalamiteiten gau mobile behannelromte te plak komme kinne. By in oefening die foarich jier bliken dat dat yn it Noarden fan it lân net fluch genôch giet.

De ôfstannen binne yn it noarden grutter en der binne minder sikehuzen. Dêrom ha de trije noardlike regionale ambulânsefoarsjennings in twaddehânsk bus kocht, dy't yn Ljouwert as ambulânse ynrjochte is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)