Earste promoasje University Campus Fryslân

01 apr 2016 - 15:59

University Campus Fryslân hat syn earste promovendus; Anna Casadellà. Har promoasjeseremoanje wie freedtemoarn op it stedhûs yn Ljouwert.

Spesjaal foar de earste promoasje wie ek de âlde pedelstêf út Frjentsjer mei. Dy pedelstêf waard eartiids brûkt by seremoanjes op de Frjentsjerter universiteit. Fanwegen de âlderdom fan de iuwenâlde stêf, waard er net brûkt, mar wol symboalysk oerlange oan boargemaster Crone fan Ljouwert.

Membraan

De seremoanje waard bywenne troch provinsjale en gemeentlike politisy. Ek wie de famylje fan Casadellà oerflein út Spanje.

Yn har fjouwerjierrich ûndersyk hat de Katalaanske Anna Casadellà in membraan ûntwikkele wêrmei't it mooglik is kalium en ammoanium út fertinne urine werom te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)