Tsjerken Noard-Nederlân hawwe goed 1,5 miljoen euro nedich

01 apr 2016 - 14:49

De stifting Beheer Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland hat foar goed oardel miljoen euro subsydzje oanfrege bij de Rykstsjinst foar it Kulturiel Erfguod. It jild is bedoeld om monumintale gebouwen of tsjerkhôven yn stân te hâlden of te ûnderhâlden.

De eigeners fan de gebouwen moatte sels ek mei jild op it kleed komme. It is de earste subsydzje-oanfraach fan de stifting Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederlân. Dy is begjin dit jier ûntstien út twa provinsjale stiftingen dy't aktyf wiene yn Fryslân en yn Grinslân en Drinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)