Marcel Keizer: "Cambuur móet winnen"

"We moeten winnen van De Graafschap, dan hebben we het zelf weer in de hand." Dat sei Cambuur trainer Marcel Keizer freed nei de lêste training fan Cambuur. "Het is niet gebruikelijk om dat te zeggen, maar ik doe het wel" sei Keizer. It toant it belang fan de wedstriid sneon yn Doetinchem tsjin De Graafschap. Cambuur stiet ien punt achter De Graafschap en docht by winst it lêste plak wer oer oan de Doetinchemmers. Cambuur hat in hast folslein fitte seleksje, dy't de ôfrûne wike traind hat op it "gewoane" fjild fan VV Leeuwarden.
Ek de spilers beseffe wat der op it spul stiet. Trainer Keizer en spits Martijn Barto hawwe noch yn petear west mei de supporters dy't in spandoek ophongen hienen mei de tekst: "Vechten voor je club". It liket der op dat Cambuur wer mei trije spitsen spylje sil, dus wer yn in 4-3-3 formaasje. Jack Byrne like blesseard te reitsjen op de training, mar neffens Marcel Keizer falt it ta en kin de Ier gewoan spylje.
Mooglike opstelling Cambuur: Nienhuis; Peersman, Van der Laan, Lachman, Mac-Intosch; Byrne, Bakker, Van de Streek; Narsingh, Barto, Hoefdraad.