Opbringst guozzekuolkasten falt noch wat ôf

01 apr 2016 - 12:57

Yn de seis guozzekuolkasten dy't op ferskate plakken steane, hawwe jagers it ôfrûne jier folle minder delsketten guozzen lein as yn 't foar tocht waard. It soene der inkelde hûnderten wêze en dat is minder as dêr't de inisjatyfnimmers op tidigen.

It proefprojekt hâldt yn dat ôfsketten guozzen dy't net nei de poelier gean sammele wurde yn kuolkasten en dêrnei ferwurke wurde yn Amsterdam, wêrnei't se oan restaurants en supermerken levere wurde. Neffens jager Titus Sijmonsma binne de regels sa dat net eltse goes yn de koelkast kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)