"Airstrip Drachten mooglik brûkt foar drugstransport"

01 apr 2016 - 12:08

De airstrip Drachten is mooglik brûkt foar in drugstransport mei in hierd fleantúchje. Op in fleanfjild yn Landskrona yn it suden fan Sweden binne trije minsken oanholden dy't mei in Cessna fan Eelde nei Landskrona flein wiene, sa meldt de Sweedske krante Sydsvenskan. De fertochten soene yn Eelde drugs ynladen hawwe. RTV Noord hat fan in wurdfierder fan it fleanfjild Eelde te hearren krigen dat dit net kloppet.

De wurdfierder seit dat it fleantúch allinnich tankt hat yn Eelde en dat de tas mei drugs mooglik yn Drachten ophelle is.

De gemeente Smellingerlân is de eigener fan de airstrip Drachten. Neffens in wurdfierder is der net konstant bewaking oanwêzich, mar komt de luchthaventsjinst in pear kear yn de wike del. Woansdeitemiddei is wol sjoen dat der in fleantúchje lâne op de airstrip, mar der is neat fertochts melden. De gemeente Smellingerlân wol fierder net reagearje, omdat it no om in plysjesaak giet.

Woansdeitejûn kaam it fleantúchje wer oan de grûn op Landskrona yn de Sweedske provinsje Skane. Plysjeminsken stiene it op te wachtsjen en hawwe twa ynsittenden fan it fleantúch oanholden, en ek in man dy't yn de hierauto op it fleanfjild siet te wachtsjen. De fertochten komme alle trije út Sweden. Hoefolle drugs der krekt oan board wie, wol de Sweedske justysje noch net bekend meitsje. De plysje fan Noard-Nederlân seit gjin ynformaasje te hawwen oer it drugstransport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)