Skerven út de izertiid fûn by Boarnwert

Skerf út de izertiid mei ear, fûn by archeologysk ûndersyk yn Boarnwert
By archeologysk ûndersyk yn Boarnwert is in soad diggelguod fûn út de izertiid. It giet om skerven út de perioade tusken it begjin fan de jiertelling en de 250 jier dêrfoar. De gemeente Dongeradiel hat dit bekend makke. De skerven binne fûn op in terp, dêr't no in pleats op stiet. De terp wie yn it ferline alris foar in part ôfgroeven, mar doe die bliken dat der gjin midsiuwske terplagen mear wiene.
No binne der mei-inoar 3800 skerven fûn. Opfallend is neffens de ûndersikers dat it om grutte diggels giet en dat dy mei de hân makke binne.