Proef: Hûndert persint ôffal skiede yn Smellingerlân

Grize kontainers © ANP
Yn Smellingerlân begjinne freed 135 húshâldings oan in bysûndere útdaging. Hûndert dagen lang sille se hûndert persint fan harren ôffal skiede. It is in lanlik projekt. Mei-inoar dogge 3.000 famyljes yn 29 gemeenten mei.
Oant 9 july is it it doel om sa min mooglik restôffal oer te hâlden. Dielnimmers kinne inoar online folgje. Op webside 100-100-100.nu komme alle dagen tips en filmkes. Der is ek in app foar it projekt makke. Smellingerlân wol it restôffal flink werombringe nei 100 kilo de ynwenner yn 2020.
Yn 2015 wie der yn de gemeente noch 164 kilo restôffal de ynwenner. Dat moat yn 2025 werombrocht wurde nei noch mar 25 kilo, sa is it doel.