Man út Noardwâlde oanholden foar falske brânmelding

De plysje hat tongersdei in man fan 65 jier út Noardwâlde oanholden omdat er in falske 112-melding dien hie. Hy belle it alarmnûmer en sei tsjin in meiwurker fan de meldkeamer Noard-Nederlân dat der brân wie by syn buorlju. De plysje gie nei it adres ta en trof dêr in fernuvere frou dy't sei dat der hielendal gjin brân wie.
By de meldkeamer hiene se yntusken útfûn wa't de melding dien hie. Dêrop is de man oanholden. Hy moat him meikoarten by de plysjerjochter melde.