Basken organisearje harksit yn Ljouwert oer 'taalrjochten'

Foto fan de Kontseilua-moeting yn Ierlân yn maart
De Baskyske organisaasje Kontseilua hâldt freedtemiddei en sneontemoarn yn Ljouwert twa ynformaasjegearkomten oer it 'Protokol foar it garandearjen fan taalrjochten'. Dat protokol wurdt dit jier ûntwikkele yn kulturele haadstêd Donostia-San Sebastián.
Yn it protokol wolle de Basken, yn gearwurking mei oare taalminderheden yn Europa, fêstlizze watfoar maatregels nedich binne om minderheidstalen as it Frysk, Baskysk en Welsh gelikense kânsen en mooglikheden te jaan as de gruttere Europeeske talen.
It protokol wurdt ûntwikkele as oanfolling op oare ynternasjonale ôfspraken lykas it Hânfêst foar Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Yn dy dokuminten steane moaie prinsipes, mar dy steane te fier ôf fan de praktyk. Yn it protokol komme praktyske oanbefellings te stean, dy't ek better út te fieren en te kontrolearjen binne, sa is it doel. Ljouwert is belangryk foar de Basken, omdat de Fryske haadstêd oer twa jier kulturele haadstêd fan Europa is en fierder gean kin mei guon fan de taalprojekten dy't de Basken dit jier útfiere. In gelykweardige posysje foar de Baskyske taal is ien fan de doelstellings fan kulturele haadstêd Donostia-San Sebastián.
Yn Fryslân is de Nederlânske koepelorganisaasje EBLT de gasthear fan Kontseilua. Fryske organisaasjes dy't oanjûn hawwe dat se graach mei de Basken yn petear wolle binne ûnder oare de Ried fan de Fryske Beweging, jongere-organisaasje FYK, de AFUK, Tresoar en de Fryske Akademy. Ut namme fan de Kontseilua binne foarsitter Paul Bilbao en koördinator Asier Basurto yn Ljouwert.