Kollum: Hintsje kokkelintsje

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.
"De heit fan in goeie eardere freon wie pikeboer yn De Harkema. It enoarme pikehok stie rjocht efter it hûs. Fierder murken je der net folle fan. Myn freon woe der net sa folle fan witte. Jonges mei grouwe earms kamen dêr te pikefangen. Alteast, sa stel ik my dat foar. Ik haw se noait sjoen, want it skynt dat je yn it holst fan de nacht pikefange moatte, dan binne de bistjes rêstich. Myn broer hat it ek in blauwe moandei dien en waard as longpasjint direkt siik fan de walmen. It liket my dan ek in goar putsje.
Der wiene altyd fan dy sterke ferhalen yn 'e omrin. Dat, as je de kop fan in hin der ôflûke, it liifke noch trochrint. Mar wêrom soenen je in pyk de kop fan it liif lûke? Mar goed. It sil der fêst net al te leaflik oan ta gean by dat pikefangen. Yn elts gefal is it net sa bêst steld mei de rit nei it slachthûs. Dat blykt dan út in berjocht fan de Dierenbescherming. Benammen foar de lishintsjes.
As in lizzer net genôch aaien leit, of mei aailis-pensjoen giet, dan moatte se nei it slachthûs. En it ferfier nei slachthuzen, nei Poalen bygelyks, is net bêst. De bistjes geane ûnderweis dea of komme deasiik of ferwûne oan. En we hawwe it net oer in pear hintsjes, mar allinnich al oer hûnderttûzen deade hinnen. De pikeboeren wiene ek skrokken fan it nijs. Wat dan wol wêr lollich is, is dat de foarsitter fan de Nederlândse Fakbûn foar Plomfeehâlders, Hennie de Haan hjit.
No it leaflike nijs. Foar it lykwicht. Der bestean rêsthuzen foar hintsje-kokkelintjes. Yn dizze rêsthuzen - fan Red een Legkip - kinne pensjonearde pykjes ta rêst komme. It binne tagelyk in soarte fan hinne-hospices. De dames krije der palliative soarch as de ein komt. Dat is dochs skitterjend.
Je kinne it trochsketten bisteleafde neame, mar it probearret yn elts gefal in hiel lyts bytsje balâns werom te krijen. It bisteleed weaget no it swierst. As reynkarnaasje úteinlik dochs bestiet, frees ik dat de measten fan ús - plofpykfretters en plofpykboeren - werom komme as in lishin of plofpyk. Hiene we mar better foar it libben om ús hinne soargje moatten. We witte wier wol better.
Der binne yntusken mar leafst acht opfangsintra. De betinkster keapet de hintsjes foar in euro fan de pikeboeren. As se wer by de positiven binne, kinne partikulieren se krije om se fierder te fersoargjen.
Neam my in weak aai, mar wat my ontroerde oan it ferhaal fan dizze pikerêdster, is dat de hintsjes yn it hotel foar it earst deiljocht sjogge en foar it earst echt skarrelje kinne. Mar wat my echt begrutte, is dat de hinnen, as se krekt oankomme, harren aaien samar op it hiem lizze. Se ha harren eigen aai nammentlik noch noait sjoen dus witte se net wat se dogge. Yn de stâl fljocht it aai fuortendaliks yn in gleuf op in rinnende bân. Je moatte je dochs ris foarstelle dat je as frou je poppe yn in gleuf ferdwine litte. Net oan tinke. Wêr't we wol ris oan tinke kinne: wa't in pear hintsjes om 'e doar ha wol: tink ek ris oan in pensjonearre asyl-hintsje. En dan leaf foar se wêze oant se yn de pikehimmel binne."