Skriuwer André Looijenga nei Masedoanië foar 'Oare wurden'

01 apr 2016 - 06:40

De Fryske skriuwer André Looijenga sil de kommende simmer acht wike yn Bitola yn Masedoanië tahâlde en wurkje yn it ramt fan it ynternasjonale projekt 'Other Words/Oare Wurden'. Looijenga is troch in sjuery útkeazen om yn de Balkan oan it wurk te gean.

Looijenga is fan plan om literêre reisreportaazjes te meitsjen. Looijenga wol ek kontakt lizze mei de pleatslike literêre mienskip en literêre tydskriften. Looijenga is bekend fan it tydskrift Ensfh. en as winner fan it Frysk diktee.

Heal april giet de twadde oprop fan Oare Wurden fan start: yn oktober-novimber kin in Fryske skriuwer acht wiken oan it wurk yn Donostia/San Sebastián (Baskenlân), ien fan de twa Europeeske kulturele haadstêden fan 2016. De ûnderfinings fan André Looijenga yn Bitola, Masedoanië sille kommende simmer yn ferskate media te folgjen wêze, ûnder oaren op de webside en de facebookside fan Oare Wurden.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)