Postma leveret plakje yn by sylstriid om de Sofia Cup

31 mrt 2016 - 21:54

Siler Pieter Jan Postma is tongersdei yn de Finn-klasse fan it tredde nei it fjirde plak sakke yn de striid om de Sofia Cup op Mallorca. Postma wûn race nûmer sân, mar in startfout en diskwalifikaasje yn de race dêrnei soarge der foar dat hy in plakje yn it klassemint ynleverje moast.

De Brit Giles Scott, de wrâldkampioen fan 2011, 2014 en 2015, naam de lieding oer fan de Nij-Seelanner Josh Junior.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)