Harmonie Akkrum spilet Frysk folksliet foar Roda-Hearrenfean

31 mrt 2016 - 21:46

Muzykferiening Harmonie fan Akkrum sil oankommende snein it Frysk folksliet spylje foarôfgeand oan de útwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Roda JC yn it Parkstad Limburgstadion. It is tradysje dat it Frysk folksliet by thúswedstriden fan Hearrenfean spile wurdt yn it Abe Lenstrastadion, mar by útwedstriden is dat net it gefal.

Dat it no wol spile wurdt, hat te krijen mei it repetysjewykein dat Harmonie yn Limboarch hâldt foar it Iepen Nederlânsk Fanfare Kampioenskip dat op 8 april holden wurdt yn De Lawei yn Drachten.

Dirigint Jos Segers hat it regele. Segers is ek dirigint by Harmonie St. Caecilia Nieuwenhagen en dy sil it Limboarchsk folksliet spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)