Welcome to the Village hat gjin noed oer fleisboltsjes

De organisaasje fan festival Welcome to the Village makket him net drok om de negative reaksjes op fleisboltsjes Johannes, Klaas Sietse en Sjoerd. Dizze simmer kinne de besikers fan it festival in miel mei boltsjesfleis fan de trije bisten krije.
Ferline jier koene minsken fleis fan ko Janneke ite en dat soarge foar in soad ûnrêst. De organisaasje hat de filosofy derefter útlein en ferwachtet dat minsken dêrom no witte werom't se dit dogge.
Ko Janneke
Ferline jier wie ko Janneke geskikt foar konsumpsje om't se gjin molke mear joech. Dit jier binne dat dus de boltsjes. Boer Jaring Brunia hat in melkfeebedriuw en docht neat mei de boltsjes. Gewoanwei ferkeapet er de boltjes op de merk, mar no hat Welcome to the Village se kocht. Oant it momint dat se slachte wurde foar it festival meie de trije bisten frij rûnrinne by Brunia.