Man út Lelystêd racet mei 155 oer it Klaverblêd

31 mrt 2016 - 20:10

In automobilist út Lelystêd is tongersdeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke om't hy mei 155 kilometer oer it klaverblêd by It Hearrenfean ried. De maksimum tasteane snelheid dêr is 100 kilometer. Al gau die bliken dat it rydbewiis fan de man al fiif jier net mear jildich wie. De man hat der in proses-ferbaal foar krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)