Plysje hâldt brommerriders yn Drachten yn 'e gaten
By in brommerkontrôle lâns de Raai yn Drachten hat de plysje tongersdei sân bekeurings útskreaun. Bestjoerders riden sûnder helm of hiene dizze net goed fêst, de brommers koene te hurd ride en ien bestjoerder hie gjin rydbewiis. Neffens de plysje folgje der de kommende tiid mear kontrôles.