Dykpiraat makket it wol hiel bûnt by kontrôle fan plysje

31 mrt 2016 - 20:20

In 43-jierrige ynwenner fan Ljouwerteradiel moat him ynkoarten foar de rjochter ferantwurdzje foar it riden mei in ûnjildich rydbewiis. De man waard tongersdei troch de plysje oan de kant set by in kontrôle op de Bird yn Ljouwert om't syn auto net fersekere wie. De man koe him earst net identifisearje, pas doe't syn paspoart achter de sinneklep wei foel, koene de plysjes syn identiteit kontrolearje. De man siet mei drank op achter it stjoer, ried mei in glêde bân en syn auto hie gjin APK. De man hat dêr prosessen-ferbaal foar krigen.

Trefwurden: 
plysje kontrôle Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)