Riedseal Ljouwert wurdt ferfraaid mei nij keningsportret

Anthony Gasthûs
De gemeente Ljouwert krijt kommende moandei in skilderij mei in portret fan Kening Willem-Alexander. It skilderij wurdt oanbean troch it bestjoer fan it Sint Anthony Gasthuis. It kado past yn in tradysje dy't yntusken mear as 150 jier bestiet.
Hieltiten as der in nije kening of keninginne ynhuldige waard, joech it Sint Anthoon in Fryske skilder de opdracht om in portret te meitsjen dat dêrnei oanbean waard oan de gemeente. It portret is diskear makke troch de Frjentsjerter skilder Pieter Pander. It komt yn de riedseal te hingjen.