Jonges oppakt foar fernielen fan lantearnepeal yn Jobbegea

Oanhâlding © ANP
De plysje hat woansdeitenacht op 'e Gordyk trije manlju oanhâlden foar fernielings earder yn de nacht yn Jobbegea. It trio, in 19-jierrige jonge út Bakkefean, in 19-jierrige jonge út Oerterp en in 20-jierrige Oerterper, hie op de Hendrik de Voswei ûnder oare in lantearnepeal fernield.
In tsjûge joech in sinjalemint troch, wêrnei't de plysje de manlju op de Badwei op 'e Gordyk riden seach en oan de kant sette. De fertochten sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.