"Ungelok Broeksterwâld kaam troch oerstekkende ein"

31 mrt 2016 - 15:47

In oerstekkende ein wie nei alle gedachten de oarsaak fan it ûngelok tongersdeitemoarn op de Haadwei yn Broeksterwâld. By it ûngelok rekke de 23-jierrige bestjoerder út De Falom slim ferwûne. De man woe de ein ûntwike en rekke de macht oer it stjoer kwyt. Hy bedarre yn de sleat neist de dyk, wêrby't de auto yn twa stikken bruts.

De brânwacht hat de man út syn auto helle. Fanwege syn slimme ferwûnings is de man mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. De plysje docht noch ûndersyk nei de eksakte tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)