Kensington iepenet muzykfestival Glemmer

Kensington by Glemmer Beach © ANP
Op it muzykfestival Glemmer Beach op it strân fan De Lemmer sil ek de súksesfolle band Kensington optrede. De manlju sille it festival op tongersdei 25 augustus iepenje. In dei letter treedt Marco Borsato op op De Lemmer. Oare artysten op Glemmer binne dit jier ûnder oare Miss Montreal en de Daredevils.
De ferkeap fan deikaarten is al even los, fan sneon ôf kinne ek passe-partouts kocht wurde foar it Lemster festival.