Caparis wurket oan plan foar behâld fan banen

De direksje fan Caparis wurket de kommende moannen oan de opstelling fan in plan om de wurkgelegenheid by it bedriuw sa goed mooglik feilich te stellen. Caparis krijt sûnt de ynfiering fan de partisipaasjewet begjin ferline jier gjin nije wurknimmers mear út de sosjale wurkfoarsjenning, want dy is ôfskaft. Mar der wurkje noch wol mear as twatûzen minsken by it bedriuw.
De acht gemeenten dy't mei-inoar eigener binne fan Caparis wolle dat harren takomst goed regele wurdt.
Op basis fan in rapport, makke troch in wurkgroep fan amtners en de direksje fan Caparis, moat der noch foar de simmer in plan lizze foar de takomst.