AD: Ljouwerter Graafschapspiler Mark Diemers wurdt bedrige

31 mrt 2016 - 10:10

Middenfjilder Mark Diemers (22) fan De Graafschap wurdt yn syn wenplak Ljouwert bedrige troch Cambuur-fans. Diemers fertelt dat yn it Algemeen Dagblad fan tongersdei. Diemers neamt dit "djip tryst". Diemers spilet sneontejûn yn stadion De Vijverberg yn Doetinchem de belangrykste wedstriid fan it seizoen tsjin SC Cambuur. It is de wedstriid fan de nûmer 17 tsjin de nûmer 18. Wa't de wedstriid ferliest makket grutte kâns om streekrjocht te degradearjen.

Mark Diemers is yn de winterstop troch syn klup FC Utrecht oan De Graafschap ferhierd.

Diemers hat ek freonen by de hurde kearn fan Cambuur-supporters. De measten reagearje posityf, sa seit Diemers, mar hy is ek al earnstich warskôge dat hy it net yn syn holle helje moat om de wedstriid fan sneon te winnen. Diemers spile yn it seizoen 2012/2013 tweintich wedstriden yn it earste fan Cambuur. Diemers seit fierder dat er der alle betrouwen yn hat dat De Graafschap sneon fan Cambuur wint.

Mark Diemers fynt it kranteferhaal oer de bedrigings sels "in stoarm yn in glês wetter". Hy is wol in pear kear op in minder freonlike manier oansprutsen. "Het is niet meer dan dat", sa seit Diemers. It falt neffens de Ljouwerter allegearre hiel bot ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)